Wenboat Terherne baarnt út

bran wenboat terherne © Foto Alex Zwart
In wenboat oan de Buorren yn Terherne is sneontejûn folslein útbaarnd. De bewenner ûntduts de brân om sân oere hinne en warskôge de brânwacht. Dy moast earst in wek meitsje om genôch bluswetter te hawwen. De wenboat wie net mear te rêden. Neffens de plysje wie de wenboat ek útbaarnd, as der fuortendaliks genôch bluswetter wie.
De bewenner koe sels feilich fan it skip ôf komme en kaam mei de skrik frij. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien by de kachel yn de wenboat. In skip dat der neist lei, hat skea oprûn.