Oenema hat sicht op poadium

Thijsje Oenema stiet nei de earste dei fan it WK sprint op in kreas fiifde plak. Mei in persoanlik rekôr op de 1000 meter fan 1.14.22, goed foar it achtste plak, en har nasjonale rekôr op de 500 meter yn 37.38 hâldt de Jouster sicht op it poadium. Margot Boer waard yn 1.14.24 njoggende en Marrit Leenstra yn 1.14.36 tsiende. Christine Nesbitt wûn de 1000 meter yn in nij baanrekôr: 1.12.91. Regearend wrâldkampioen Jing Yu is nei de earste dei de liedster, foar Heather Richardson. Sang-Hwa Lee en Christine Nesbitt diele it tredde plak.
Margot Boer stiet sânde en Marrit Leenstra fjirtjinde nei de earste sprintdei.