Ferlies Flyers yn Eindhoven

26 jan 2013 - 23:09

UNIS Flyers hat yn Eindhoven mei 5-1 ferlern fan de Kemphanen. Yn de earste perioade waard it ferskil makke. De Feanster iishockeyers krigen fiif goals om 'e earen. Yn de twadde perioade wie der mar ien skoare, fan Flyer Sander Dijkstra, dêrnei waard der net mear skoard. Freedtejûn hie de ploech fan trainer Chris Eimers mei in protte muoite en net goed spul de winst noch wol behelle. It Belgyske Herentals waard doe yn Thialf mei 5-3 ferslein. De ploech bliuwt tredde yn de stân.

Trefwurden: 
Flyers iishockey
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)