Ferlies LDODK tsjin Blau Wyt

LDODK koe sneontejûn net opnij stunte tsjin Blau Wyt Amsterdam. Yn de haadstêd wûn de thúsploech mei 29-20, by it skoft wie de marzje lytser: 12-8. LDODK hie de iepeningswedstriid yn de kuorbal league op 'e Gordyk noch mei 22-18 wûn. Yn de twadde helte lei de wedstriid in skoft stil omdat de skotklok stikken wie. Troch it ferlies en de winst fan konkurrint TOP sakket LDODK nei it foarlêste plak.