Follybalfroulju Snits ûnderút

De follybalsters fan Snits ha sneon mei 3-0 ferlern fan Eurosped. Yn Almelo wiene de setstannen 25-19, 25-17 en 25-20. Snits, de nûmer trije, helle lang net it gewoane nivo tsjin de nûmer fjouwer Eurosped. De opslach fan de thúsploech joech gauris de trochslach. It gat tusken beide ploegen is no noch fiif punten. Earder dit seizoen hie Snits twa kear wûn fan Eurosped.