Súkses darter Rick Hofstra

Darter Rick Hofstra fan Snits hat sneon de German Gold Cup op syn namme skreaun. Yn de finale fan it toernoai yn Bremen wie hy mei 3-0 yn sets te sterk foar de Dútser Tomas Seyler.
Noch opmerkliker wie de 9-darter fan Hofstra yn de heale finale, dy't hy mei 2-0 wûn fan Martin Jongejan. De Snitser smiet twa kear 180 achter elkoar en einige mei in finish fan 141. Om't 9-darters net in soad foarkomme joech it de úteinlike oerwinning fan Hofstra noch mear glâns.