Racing Expo yn Ljouwert

26 jan 2013 - 17:16

It WTC Expo yn Ljouwert stiet fol mei ronkende motoaren, pitspoezen en tune-de auto's. De beurs Racing Expo Leeuwarden wurdt foar de fyfde kear hâlden. In frachtwein út Dútslân is seisfâldich Europeesk kampioen truckracen en lûkt in soad folk. De organisaasje ferwachtet dit wykein sa'n tritichtûzen besikers.

Racing Expo Leeuwarden is snein ek noch. Der wurde dan foaral in soad besikers fan bûten Fryslân ferwachte.

Trefwurden: 
Ljouwert Racing Expo
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)