Hopma Zijlema wint NK iissilen

26 jan 2013 - 16:18

Op 'e Tsjûkemar is regearjend Nederlânsk kampioen Jan Heida syn titel kwytrekke. De Snitser waard ûnder pittige omstannichheden mei hurde wyn nei twa dagen wol de bêste Fries op it sânde plak. Freed koe fanwege de mist mar ien kear syld wurde, sneon fiif kear. De titel gie nei Piet Hopma Zijlema út Lelystêd. Dennis de Ruiter dy't fan 'e wike noch iepen Frysk kampioen waard, pakte no sulver. It brûns wie foar Ruud Hoogeboom. It is foar it earst dat de organisaasje it NK-iissilen foar it fiifde jier op rige útskriuwe koe.

Trefwurden: 
NK iissilen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)