Bob de Vries wint Skarsterlân

26 jan 2013 - 15:40

Bob de Vries fan De Haule hat sneon de Ronde fan Skarsterlân wûn. Twad waard Ingmar Berga en tred Arjan Stroetinga op it iis fan de Goaiïngarypster Puollen. Dêrmei is it wer opnij in BAM-poadium lykas op it NK maraton freed op it natueriis fan de Feluwemar. De wedstriid fan 100 kilometer wie ûnder suver Sibearyske omstannichheden mei de hurde wyn en de sniejacht. In soad maratonriders geane fuort troch nei Eastenryk om dêr op de Weissensee te riden.

Bob de Vries wûn ek de earste maraton op natueriis yn Noardlaren.

By de froulju kaam Foske Tamar van der Wal nei 60 kilometer as earste oer de einstreek. Erna Last-Kijk In de Vegte waard twadde, Jolanda Langeland makke it poadium kompleet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)