Wer ynbraken yn Fryslân

Ynbraak © Omrop Fryslân
Op 'e nij is freed ynbrutsen yn wenningen yn Ljouwert en op It Hearrenfean. Ein fan de middei is ynbrutsen yn in hûs oan de Sierksmastrjitte yn Ljouwert. Der is in klûs mei weardefolle saken meinaam. Yn in hûs oan de K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean ûntduts de eigener freedtejûn dat der ynbrutsen wie. Der mist neat út de wenning. De plysje ûndersiket beide ynbraken.