Festival ITGWO al útferkocht

Alle 6.000 kaarten foar it muzykfestival Into The Great Wide Open op Flylân wiene sneon yn in pear minuten útferkocht. Muzykleafhawwers út it hiele lân hiene yn in sucht de kaartsjes op ynternet kocht. Into the Great Wide Open wurdt fan 6 oant 8 septimber foar de fyfde kear organisearre op Flylân. Ek ferline jier wiene de kaarten fuortendaliks ferkocht.
It programma fan it ITGWO is noch net bekend. It festival mei muzyk, keunst en film is 6,7 en 8 septimber. Der is ek in berneprogramma. Fan de 600 kaarten dêrfoar binne al 470 ferkocht.