Man mishannele yn Snits

Trije persoanen binne freedtenacht yn Snits oanhâlden foar in mishanneling. In 34-jierrige Snitser reagearre op de Wijde Noorderhorne op in opmerking dy't in jongen tsjin him makke en doe waard er mishannele. It slachtoffer rekke licht ferwûne. De plysje koe in man fan 24 jier sûnder fêst wenplak oanhâlde, de beide oare fertochten binne ek yn in hûs yn Snist oanhâlden. Dat wiene in man fan 23 jier út Snits en in man fan 21 jier út Zaandam.