Drugs by Gordykster ynnommen

© ANP XTRA
De plysje hat freedtejûn drugs yn beslach naam by in 45-jierrige man fan De Gordyk. De plysje kontrolearre op de Oliemolenstrjitte yn Drachten in auto om't de plysje tocht dat de bestjoerder drugs by him hie. Dat wie ek sa, de Gordykster hie sân pûdsjes mei weed, speed en kokaïne. Dat is yn beslach nommen. De man is oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten.