Planetarium as wrâlderfguod

26 jan 2013 - 08:36

De proseduere om it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer op de wrâlderfguodlist fan de UNESCO te krijen, is offisjeel opstart. Dat is dien mei it ûndertekenjen fan in oerienkomst tusken it Planetarium en de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod.

De rykstsjinst stipet de oanfraach boppedat mei 15.000 euro foar it ynrjochtsjen fan in edukative romte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)