Utstalling oer tocht fan 1963

25 jan 2013 - 19:48

It Amsterdamske Persmuseum hat yn it WTC-hotel yn Ljouwert in eksposysje ynrjochte oer de romrofte Alvestêdetocht fan 1963. Yn de hal fan it hotel binne in moanne lang ûnder oaren tsientallen kranten te sjen fan fyftich jier lyn. It Persmuseum moast de doarren hast slute, omdat it ryk de subsydzje stopsette woe. Dat waard krekt op 'e tiid weromdraaid op betingst dat mear besikers lutsen wurde en mear gearwurke wurdt.

It museum giet dêrom de regio yn mei aktuele eksposysjes. De útstalling oer de tocht fan 1963 is opset yn gearwurking mei Tresoar en it Hilversumske Beeld en Geluid en is fergees tagonklik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)