Gemalen snein wer oanset

Logo Wetterskip Fryslân
Wetterskip Fryslân set fan sneintejûn ôf stadichoan de gemalen wer oan. Omdat de temperatueren oprinne, teie de snie en it iis en dêrtroch ûntstiet der teiwetter. Dat moat fuortwurke wurde troch de gemalen. Fan moandei ôf geane de measten wer oan. In pear gemalen wurde sneintejûn al opstart omdat streekrjocht ôffier fan wetter needsaaklik is.