Brânwacht hâldt wek-oefening

25 jan 2013 - 15:48

Freed waard yn Heech troch de brânwacht oefene om minsken út in wek te rêden. Nei it fuortbesunigjen fan de measte dûkteams fan de brânwacht, wie it yn Fryslân minder feilich, sa waard sein.

As alternatyf wurde no tsien saneamde wetteroerflakterêdingsteams oplaat. Dy komme wol yn, mar net ûnder wetter. No't der in soad reedriden wurdt, en der ek geregeld minsken troch it iis sakje, is it in goed momint om te oefenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)