Raitala, Van Anholt basisplak

25 jan 2013 - 15:32

Twa wizigings yn de basisopstelling fan Sportklup Hearrenfean foar de wedstriid tsjin PEC Zwolle. Jukka Raitala en Pelé van Anholt hawwe beide in basisplak. Van Anholt spilet, omdat Sven Kums skorst is. Raitala hat in basisplak, omdat Arnold Kruiswijk blesseard is.

Alfred Finnbogason komt wer werom fan in blessuere. De topskoarder fan Hearrenfean nimt wer plak yn de spits. De opstelling wurdt dan: Nordfeldt, Kum, Gouweleeuw, Zomer, Raitala, Van Anholt, Marecek, De Roon, Van La Parra, Finnbogason en Djuricic.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)