'Fear' foar ortodonsypraktyk

25 jan 2013 - 14:57
  • De website fan 'e ortodonsypraktyk

De Ortodonsypraktyk yn Ljouwert wint dit jier de 'Fear yn de broek'. Dat is in priis fan de Ried fan de Fryske beweging, dy't alle jierren útrikt wurdt oan in persoan of ynstelling dy't him ynset foar it Frysk.

De Ortodonsypraktyk hat in Fryske wolkomstegel en 'PraatmarFrysk'-buordsjes. Ek yn in filmke op YouTube en de ynternetside wurdt dúdlik makke, dat klanten har eigen taal brûke kinne. Earder waard de Fear ûnder oare útrikt oan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan âld-wethâlder Arno Brok fan Ljouwert en oan Aaipop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)