Boaten Doeksen moandei letter

De fearboat fan rederij Doeksen nei Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen past fanwege de iisgong de tsjinstregeling foar moandei oan. De sneltsjinst fart dan noch altiten net en ek de tiden fan de feartsjinst binne oanpast. De boat fan Flylân nei Harns en wer werom giet moarns in oere letter as normaal.
Dat jildt ek foar de boat fan Skylge nei Harns, moarns en middeis. Foar de krekte tiden riedt de rederij oan om op de webside fan de rederij te sjen.