Zielman 4de op NK maraton

25 jan 2013 - 13:54

Gjin Friezinnen op it poadium by de Nederlânske kampioenskippen maraton. Mariska Huisman waard op de Feluwemar by Elburch de nije nasjonaal kampioene. Yn de kopgroep dy't healweis de lytse 70 kilometer ûntstie siet noch wol de Fryske kânshawster Elma de Vries. Dy groep hâlde lykwols gjin stân en de maraton einige yn in massaprint. Yn dy sprint wie Huisman de sterkste.

Bêste Friezinne wie Carla Zielman fan Rottum. Sy waard fjirde. Maria Sterk fan Hallum waard achtste. Rixt Meijer, ien fan de favoriten, foel út mei in stikkene reed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)