Hôf: Hege easken saak-Haanstra

25 jan 2013 - 12:45

It Iepenbier Ministearje easket yn heger berop tsien jier en acht jier selstraf tsjin twa manlju dy't belutsen wiene by de dea fan Hannie Haanstra fan Drachten. Dat komt oerien mei de straf dy't de manlju earder fan de rjochtbank krigen. De twa fertochten binne heit en soan. De heit soe 10 jier sitte moatte, syn soan acht jier.

Hannie Haanstra kaam yn septimber 2011 om it libben by in fjochtpartij yn Drachten. It OM sei earder dat Haanstra 'letterlik deabeukt' is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)