Toertochten nimme maatregels

25 jan 2013 - 10:55

De organisaasjes fan 'e toertochten fan sneon yn Fryslân nimme ekstra feilichheidsmaatregels nei oanlieding fan de gaos by Giethoorn. Dêr kamen tefolle minsken it iis op en moast de tocht staakt wurde. De Fryske iisklups ha oer de feilicheidsmaatregels ôfspraken makke mei de plysje en de belutsen gemeentes.

By de tocht fan sneon by Sleat, dêr't in part fan de Alvestêderûte riden wurdt, nimt de organisaasje gjin inkeld risiko. It maksimale tal dielnimmers is dêr 5000. Dêrnei wurde de minsken trochferwiisd nei oare tochten yn de buert.

Oan 'e tocht op 'e Jan Durkspolder by Earnewâld kinne op syn meast 4000 minsken meidwaan. As dat maksimum berikt is wurde minsken oantrune net mear nei Earnewâld te kommen. Itselde jildt foar de tocht by Ezumakeech, tsjin it Lauwersmargebiet oan. Ek dêr kinne net mear as 4000 riders oan meidwaan. De organisaasjes kinne lykwols minsken dy't it iis op wolle, net tsjinhâlde, omdat de natoergebieten frij tagonkelik binne. Der wurde ekstra frijwilligers ynset om it parkearen yn goeie banen te lieden.

Oan de toertocht op de Brekken by Snits kinne net mear as 2500 minsken meidwaan, en ek dêr sil strang oan it maksimum fêstholden wurde. Omdat dit in frij lytse famyljetoertocht is, wurde hjir gjin grutte minskemassa's ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)