Undernimmers bondelje krêften

25 jan 2013 - 10:37

Yn de nije gemeente De Fryske Marren is tongersdei it Platform Recreatieondernemers Friese Meren oprjochte. It inisjatyf dêrfoar kaam fan sa'n selde platform yn de gemeente Skarsterlân. De organisaasje sil him de kommende tiid dwaande hâlde mei plannen foar toerisme en rekreaasje yn De Fryske Marren.

Ek is it de bedoeling dat it platfoarm mei ideeën en tema's komt dy't politike partijen yn har ferkiezingsprogramma sette kinne. Ien fan de ûnderwerpen dat heech op de aginda stiet, is de beskikberheid fan fluch ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)