Hûs net ferlitte om bom

24 jan 2013 - 22:24

In grut part fan de ynwenners fan Bitgummole en Ingelum, dy't op 2 febrewaris harren hûs út moatte fanwege it oprêden fan bommen op de fleanbasis, is net fan doel fuort te gean. Mar leafst 21 fan de 23 bliuwe gewoan thús, nettsjinsteande de needferoardening fan de gemeente.

De bewenners fine dat se fierstente koart yn 't foar warskôge binne en sizze bot oerfallen te wêzen troch de opdracht om it hûs te ferlitten. Twa jier lyn moasten de bewenners ek al ít hûs út en doe is neffens harren sein dat dat de lêste kear wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)