Schoenenreus makket trochstart

24 jan 2013 - 21:33

Skuonwinkelketen Schoenenreus makket in trochstart. It bedriuw, dat tongersdei fallyt ferklearre waard, sil wol in flink oantal winkels slute moatte. Fan de 206 winkels yn Nederlân en België moatte 65 de doarren ticht dwaan. Schoenenreus hat yn Fryslân fjouwer filialen, twa yn Ljouwert, ien yn Drachten en ien op De Jouwer. Oft ek ien fan dizze winkels ticht moat is noch net dúdlik.

Schoenenreus sil de kommende jierren folle mear ynsette op ferkeap fia ynternet.

Neffens de nije ynvestearders dy't de trochstart mooglik meitsje kin Schoenenreus dêrtroch mei minder winkels ta. Hoefolle banen dat kostje sil is ek noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)