Seis ton foar tekoart bystân

De gemeente Achtkarspelen krijt goed 600.000 euro fan it Ryk as kompensaasje foar de ekstra kosten foar bystân, dy't de gemeente yn 2011 makke hat. Yn dat jier is it tal minsken dat gebrûk makke fan de bystân sa bot groeid dat de gemeente yn de reade sifers drige te kommen. Oarsaak soe de ekonomyske krisis wêze. Ek de kommende jierren driigje nije tekoarten op de bystân yn Achtkarspelen.
De gemeente krijt op dit stuit tsien oanfragen per wike binnen, wylst dat der gewoanwei trije binne.