Kalamiteiteplan foar musea

24 jan 2013 - 17:46
  • Fries Museum

Njoggentich persint fan alle Fryske musea hat yn de ôfrûne twa jier wurk makke fan in goed kalamiteiteplan. De Museumfederaasje Fryslân hat de musea holpen by it meitsjen fan sa'n plan, dêr't dúdlik yn beskreaun stiet wat der dien wurde moat by in kalamiteit.

Musea oefenje no ek faker wat se dwaan moatte by brân, stroomútfal, wetterskea of nei in ynbraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)