Moardner skaker 12 jier fêst

24 jan 2013 - 14:20

De 36-jierrige fertochte fan de moard op de Boerumer Michael de Vrieze moat tolve jier de sel yn. Ek al is it lichem fan De Vrieze noait fûn, neffens de rjochtbank moet de man him wol om it libben brocht ha. Yn de wenning fan de fertochte yn Grins binne bloedspoaren fan De Vrieze fûn en de fertochte hat de bankrekken fan De Vrieze leechhelle. De rjochtbank leit in hegere straf op as de eask fan tsien jier selstraf.

De fertochte flechte nei de ferdwining fan de skaker nei syn heitelân Turkije, mar waard hast oardel jier letter pakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)