'Kompensaasje foar âlderen'

Aldere © ANP XTRA
Alderen moatte kompenseard wurde foar de tsientallen euro's minder AOW en pensjoen dy't se mei yngong fan it nije jier krije. Dat easket it Frysk platfoarm foar minsken mei in útkearing, it FSU, fan minister Asscher fan sosjale saken.
Troch feroarings yn de belestingmaatregels hawwe âlderen 40 oant 80 euro yn de moanne minder te besteegjen. Yn april komt dêr yn in soad gefallen noch in koarting fan it oanfoljend pensjoen oerhinne. It FSU is ek fan doel Fryske keamerleden oan te sprekken op de finansjele problemen fan âlderen.
Neffens direkteur Nanne de Jong fan it FSU hat minister Asscher earder dúdlik sein, dat de âlderen kompenseard wurde soene. Dêr wol it FSU de minister no oan hâlde.