Schoenenreus fallyt ferkleare

24 jan 2013 - 12:25

Skuonwinkelketen Schoenenreus is tongersdei troch de rjochtbank yn East Brabân fallyt ferklearre. It fallisemint is gjin ferrassing. Earder dizze moanne waard al útstel fan betelling oanfrege en in kurator oansteld. Der wurdt besjoen oft in trochstart mooglik is.
Schoenenreus hat yn Fryslân fjouwer filialen, twa yn Ljouwert, ien yn Drachten en ien op De Jouwer. By it bedriuw wurkje sa'n 1500 minsken. Schoenenreus is neffens de kurator yn swier waar rekke as gefolch fan de eurokrisis, de konkurrinsje fan online winkels en minder fertrouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)