Krityk op sliepende rjochter

24 jan 2013 - 11:17

De advokaat-generaal yn it heger berop yn de saak Smedema hat skerpe krityk op de rjochter dy't earder de seis fertochten frijspruts. Neffens de advokaat-generaal foel de rjochter yn sliep en wie er net alert doe't belêstende ferklearringen fan tsjûgen behannele waarden.

Fertochten soene nei de dea fan Redmar Smedema bymekoar west ha om ferklearringen ôf te praten dy't harsels frijpleitsje. Ek binne tsjûgen neffens de advokaat-generaal troch famylje en freonen fan de fertochten ûnder druk setten.

De advokaat-generaal easke tongersdei opnij trije jier sel tsjin de haadfertochte. Tsjin de oare fiif waarden wurkstraffen easke. De hiele groep hat him skuldich makke oan geweld en mishanneling mei de dea ta gefolch, sa fynt it Iepenbier Ministearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)