Jasper S. foar de rjochter

Jasper S. rjochtsaak yn de moard op Marianne Vaatstra © Omrop Fryslân, ANP
Jasper S. moat op 27 febrewaris foar it earst foar de rjochter yn Ljouwert ferskine. De 45-jierrige S. út Aldwâld is de fertochte fan de ferkrêfting fan en moard op Marianne Vaatstra, yn 1999 by Feankleaster.
It giet om in saneamde pro-formasitting. De saak wurdt dan noch net ynhâldlik behannele. De ferwachting is dat der in tuskenstân fan it ûndersyk jûn wurdt. Jasper S. kaam yn novimber yn byld as fertochte troch it grutskalige DNA-ûndersyk fan justysje. Hy hat in bekentenis ôflein.