Dronken Poal skopt plysjefrou

Plysje-embleem © ANP
De plysje yn Snits hat woansdeitejûn in 41-jierrige Poal oanhâlden foar bedriging en mishanneling fan in 75-jierrige frou. De man wie dronken en bedrige de frou mei in skerp foarwerp. De frou belle de plysje.
De man fersette him tsjin syn oanhâlding en bedrige de plysjes. Yn it plysjeburo skopte de man tsjin de holle fan in plysjefrou. De frou hat oanjefte dien. De man sit noch fêst.