Ferlies LDODK by KZ

23 jan 2013 - 23:46

De kuorballers fan LDODK ha woansdeitejûn yn de kuorbal league mei 31-27 ferlern fan KZ. De wedstriid koe it ôfrûne wykein net spile wurde, omdat lânskampioen KZ doe mei sukses spile om de Europa Cup kuorbal yn Boedapest. LDODK joech goed partij, mar seach altyd tsjin in lytse efterstân oan. Healwei stie it 18-15 foar de thúsploech út Koog aan de Zaan. Gerald Aukes, de Grouster koach fan KZ, brocht LDODK it ôfrûne seizoen nei de kuorbal league. LDODK bliuwt achtste mei seis punten út njoggen wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)