Lang debat oer grûnbelied

23 jan 2013 - 22:17

Der komt in plan fan oanpak om de oanbefellings út de rapporten fan de Noardlike Rekkenkeamer en Buro Berenschot troch te fieren yn de provinsjale organisaasje. Yn oparbeidzjen mei de steaten moat it kolleezje fan DS de rezjy wer werom krije oer it amtlik apparaat. In moasje fan de VVD dêroer waard troch in grutte mearderheid yn de steaten stipe.

Oanlieding wie it rapport dat Buro Berenschot makke hat oer it grûnbelied fan de provinsje. Dêrút die bliken dat kwalik ien him ferantwurdlik fielde foar it belied.

It kolleezje hat ekskuzes oanbean foar alle flaters dy't makke binne en foar it gebrek oan ynformaasje. Om alles helder te krijen wurdt de organisaasje koart trochljochte. Oan de hân dêrfan moat de kommunikaasje nei de steaten ta ferbetterje en moat der in heldere koers útset wurde.

Yn it debat kaam it op 'e nij ta in hurde konfrontaasje tusken de opposysjepartijen en it kolleezje fan deputearre steaten. It gie benammen oer wa't no ferantwurdlik wie foar it fierde grûnbelied. Nei't deputearre Hans Konst dêroer it wurd naam en ekskuzes oanbea wie de angel út de diskusje. De PVV rôp deputearre Hans Konst noch al op frijwillich op te stappen. Konst is dat net fan doel. Hy seit no mei faasje troch te wollen mei syn wurk as deputearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)