Skoallen sels baas húsfesting

23 jan 2013 - 21:36

De gemeente Ljouwert lûkt oant 2018 12 miljoen euro út foar de bou fan nije skoallen yn de stêd. Hoe't dat jild ferdield wurdt dat lit de gemeente oer oan de skoalbestjoeren sels. Neffens de gemeente is dat folle effisjinter om't de skoalbestjoeren sels better witte wêr't de need it heechst is. Fan de 12 miljoen euro kinne nei alle gedachten fiif nije skoallen boud wurde. 

De skoalbestjoeren tinke der wol út te kommen, mar jouwe wol oan dat it in drege diskusje wurde sil sûnder de ûnôfhinklike regisseur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)