Earrebarrestasjon Spangea slút

23 jan 2013 - 16:15
  • Earrebarre

It earrebarrestasjon yn Spangea hâldt der mei op. Nei hast tritich jier lûkt de 88-jierrige Thomas Maarssen de stekker derút. No't it wer goed giet mei de earrebarre yn Fryslân fynt er it tiid dat de bisten harsels rêde.

Yn 1972 wie de earrebarre ferdwûn út Fryslân. Yn 1986 is Maarssen begongen mei it earrebarrestasjon om de fûgels werom te krijen en dat is slagge. Yn al dy jierren binne mear as 1400 fûgels útflein. Maarssen hat no de donateurs opsein en hâldt op mei it fuorjen fan de fûgels, behalve dejinge dy't hjir oerwinterje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)