12.000 hantekens foar de Omrop

23 jan 2013 - 16:04
  • Snein om 13.00 oere wiene der al tûzen hantekens foar de omrop

Goed 12.000 hantekens moatte de Haachske polityk oertsjûgje fan it grutte belang Omrop Fryslân in selsstannige stjoerder bliuwe te litten. As de plannen fan it regear trochgean komt Omrop Fryslân op de lanlike stjoerder mei alle oare regionale omroppen.

De Freonen fan Omrop Fryslân en de Ried fan de Fryske Beweging hawwe de hantekenaksje op tou set. Woansdei binne de hantekens oanbean oan deputearre Jannewietske de Vries. Sy nimt se mei nei de steatssiktaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)