AC Milan komt nei Ljouwert

AC MIlan
Fuotbalklup AC Milan organisearret dizze simmer in trainingswike yn Ljouwert. Dy is bedoeld foar jonges en famkes tusken de 7 en de 14 jier. De bern traine ûnder lieding fan twa offisjele jeugdtreners fan AC Milan. De Italiaanske klup docht dit al in pear jier, mar dizze simmer foar it earst yn Ljouwert.
De trainingswike is op it kompleks fan de Ljouwerter klup FVC. De twa meast talintfolle bern dy't meidogge, meie ek noch nei in wedstriid fan AC Milan yn it San Siro Stadion yn Milaan.