NK maraton natueriis by Elburg

23 jan 2013 - 14:55
  • Jorrit Bergsma

It NK maraton op natueriis foar manlju en foulju en masters wurdt kommende freed hâlden op de Veluwemar by Elburg. Dat hat de KNSB woansdei bekend makke. De iisdikte is op ferskate plakken mjitten en yn kombinaasje mei de ferwachte froast fan de kommende dagen koe in posityf beslút nommen wurde.

Dêrmei wurdt foar it fyfde jier op rige in NK maraton op natueriis organisearre en dat is unyk yn de skiednis fan it maratonriden. Titelferdigener by de manlju is Jorrit Bergsma fan Aldeboarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)