Ryk skrast akwadukt yn de A6

23 jan 2013 - 14:14

It regear wol foarearst toch gjin jild stekke yn in akwadukt ûnder de Skarster Rien troch. Dat hat de provinsje woansdei te hearren krigen. It akwadukt stiet op in amtlik listje fan te skrassen projekten. It Ryk hie earder al oankundige besunigje te wollen op grutte ferkearsprojekten. Dêr is it akwadukt yn de A6 tusken De Lemmer en De Jouwer ien fan.

De provinsje tinkt dat se de finansiering fan it akwadukt yn de takomst toch foarinoar krije sil. Neffens deputearre Poepjes leit der in hurde tasizzing en kin it Ryk dêr net ûnderút.

Trefwurden: 
akwadukt A6 Skarster Rien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)