Heger berop Redmar Smedema

23 jan 2013 - 12:55

It heger berop yn de saak Redmar Smedema hat noch gjin nije ynformaasje opsmiten. Trije fan de seis fertochten binne woansdeitemoarn heard troch de rjochter. It Iepenbier Ministearje hat it heger berop sels yntsjinne, neidat de seis fertochten earder troch de rjochtbank frijsprutsen wiene. Twa oare fertochten wurde middeis heard.

Redmar Smedema ferstoar yn april 2010, neidat er belutsen west hie by in fjochtpartij by ClubQ yn Noardburgum.

In sechsde fertochte komt pas nije wike foar, omdat syn advokaat siik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)