Keallen omkommen by brân

23 jan 2013 - 11:13

By in brân yn in skuorre yn Koufurderrige binne tiisdetejûn acht keallen om it libben kaam. De oarsaak fan de brân leit mooglik yn in ferwaarmingslampe, mar de plysje docht dêr noch ûndersyk nei.

By de brân is ek asbest frijkaam, dat leit op it hiem om de skuorre hinne en foarmet gjin gefaar foar de omjouwing. It asbest kin foarearst net opromme wurde, omdat it yn it bluswetter terjochte kaam is en beferzen is. As it teiwaar ynset, sil de eigener fan de skuorre der in spesjalisearre bedriuw nei sjen litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)