Koen kampioen koartebaan

Leslie Koen is tiisdei yn Alteveer Nederlânsk kampioen op de koartebaan wurden. It wie har twadde titel oer 140 meter, want ek yn 2010 wie se de bêste. De ynwenster fan It Hearrenfean moast yn de beslissende tredde finalerit ôfrekkenje mei Bente van den Berge, it Ljouwerter talint fan Jong Oranje. Beide rydsters hiene de oare twa finaleritten wûn. Koen, âld-ynwenster fan Giethoorn, mar al jierren ridend foar it gewest Fryslân, wûn mei lyts ferskil. Bo van der Werff fan Grins waard tredde en Moniek Klijnstra fan Sint Jânsgea fjirde.
Der stiene 35 froulju op de list.