Warten krijt ekstra bus

22 jan 2013 - 21:41

De doarpen Warten en Wergea binne der yn slagge om de besuniging op de bustsjinsten foar in part werom te draaien. Se krije der tydlik in tsjinst de dei by. Arriva naam 13 desimber de konsesje oer fan Connexion en brocht it oantal tsjinsten tusken Warten en Ljouwert werom fan tolve nei sân.

Der binne yn Fryslân folle mear rûtes dêr't minder bussen ride troch besunigings, mar Warten en Wergea giene net akkoart. Se slaggen der moandei yn om der in ekstra bus út te slepen. Op 1 april wurdt dúdlik oft beide doarpen de ekstra bus hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)