Auto komt ûnder trein

22 jan 2013 - 20:11
  • NS-trein

In 21-jierrige automobilist út Swol is tiisdeitejûn om it libben kaam by in treinûngelok yn Staphorst. Troch it ûngelok moatte treinreizgers rekken hâlde mei fertraging.

Neffens de plysje passearde de automobilist in oare auto dy't foar in sletten spoarboom stie te wachtsjen. Nei't in trein foarby kaam wie ried de man troch. Hy waard dêrnei skept troch in twadde trein. Troch it ûngelok is der gjin treinferkear mooglik tusken Meppel en Swol. Passazjiers dy't nei Fryslân wolle kinne gebrûk meitsje fan snelbussen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)