Fiskmigraasje foar 80 miljoen

De salm, forel, hearring en in soad oare fisksoarten kinne wer werom komme yn de Iselmar. Teminsten as it plan foar de oanlis fan in fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk trochgiet. Dat stiet yn it helberheidsûndersyk dat tiisdei op it provinsjehûs oanbean is oan deputearre Schokker. Sa'n fiskmigraasjerivier moat it de fisk mooglik meitsje om oer te stekken fan de sâlte Waadsee nei de swiete Iselmar en oarsom.
De kosten fan it projekt wurde rûsd op tachtich miljoen euro. Foar deputearre Schokker is dat gjin reden om it plan ôf te wizen.
De deputearre wol de kommende tiid serieus sjen nei de mooglikheid om it plan te realisearjen. Ek it Waadfûns, dêr't frou Schokker sels foarsitter fan is, soe eventueel in bydrage oan de fiskmigraasjerivier leverje kinne. As it plan trochgiet soe it unyk yn syn soart wêze en mooglik ek in toeristyske attraksje wurde kinne, tinke de inisjatyfnimmers. It plan it ûntwikkele troch ûnder oare de Waadferiening, Sportfiskerij Nederlân, de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân en de gemeenten Harns en Súdwest-Fryslân.