Skipsbel werom by Marine

22 jan 2013 - 17:03

De Keninklike Marine hat tiisdei de skipsbel weromkrigen fan de provinsje Fryslân om te brûken oan board fan it nije partrûljeskip Hr. Ms. Friesland. Kommissaris fan de kenininginne John Jorritsma hat de bel oerlange oan de kommandant fan it skip. Dat barde by it offisjele yn gebrûk stellen fan De Friesland yn Den Helder. De bel is yn 1956 troch Fryslân skonken by it yn gebrûk nimmen fan it ûnderseeboatjager Friesland. Yn de jierren santich gie dat skip wer út de feart en krige de provinsje de bel werom.

De bel is jierrenlang yn it provinsjehûs brûkt om it begjin fan de steategearkomste oan te kundigjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)