Musea feroarje kalamiteiteplan

22 jan 2013 - 16:43

Mear as twa-tredde fan de Fryske musea hat syn kalamiteiteplan oanpast nei oanlieding fan in grut ûndersyk dêrnei. It ûndersyk is ûnderdiel fan it projekt Netwerkoanpak Feiligenssoarch foar Kultureel Erfgoed. Under oare de Museumfederaasje Fryslân en helpferlieningstsjinsten wurken hjir yn de ôfrûne twa jier oan mei. Oanlieding foar it grutskalige projekt wie in tal kalamiteiten yn musea yn de Rânestêd. Yn de nije plannen binne no sawol de minsken en it gebou as de kolleksje opnaam. Dy lêste ûntbruts noch wolris yn âlde plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)